Stinzeplanten, de wylde tulp.
Jierrenlang bin ik mei ús heit op in paad west. We seagen altiten nei de de fûgels en skreaunen alle ferskillende fûgels dy’t we seagen op. Neist fûgels hienen we each foar blommen en planten, fansels ek om’t ús heit in stikje skreau oer planten yn Fjildpraet.
Sa ha we op de Ofslútdyk om Seekoal socht. We ha wat jonge bledsjes meinaam en tús sean as griente en opiten en dat foel net mei want it wie frijwat bitter.
Sa ha we ek alris Seekraal iten. Oan de ein fan de Pier fan Holwert even út de auto, it Waad op en wat moaie frisse plantsjes plukt, tús hiel koart de soad deroer. Best lekker, bytsje siltich en knapperich. It wurdt ynmiddels ek foar konsumpsje kweekt, op Texel bygelyks.
De Wylde Tulp hat in lange rjochtopsteande stengel mei in giele stjerfoarmige blom mei seis bledsjes. It is de bekendste stinzeplant en Ternaard is it wichtichste fynplak fan Nederlân mei tûzenen Tulpen. Mar yn Fryslân komt er op noch in hiele protte plakken foar. Sa as by Martenastate yn Koarnjum en Jongemastate yn it Raerderbosk (by Snits). Yn de rest fan Nederlân is er frij seldsum.
Ek seach ik de Wylde Tulpen by ús oan de noardkant fan it Heech Bolwurk yn Boalsert. En doe’t ik in kear yn de maitiid by myn suske yn Switserlân wie, seach ik ta myn ferbazing de Wylde Tulpkes oeral oan de rânen fan de wyngaarden stean. Klopt ek wol, want yn it Dútsk wurdt er ek wol “Die Weinbergtulpe” neamd.
Fokke Hoekstra, Boalsert.
foto lofts: it snieklokje, ek in stinzeplant