Maretak, mistel of vogellijm. De Fryske namme is ek mistel.
Doe't wy foar de krystdagen wer ris nei ús jongste dochter yn Switserlân rieden foelen ús yn't suden fan Dútslân dy soarte fan "griene heksebiezems" yn 'e beammen wer op. Yn 'e bjirken kenne wy de heksebiezems wol. Yn 'e oare beammen binne it gjin heksebiezems, mar mistels (maretakken). Dat binne eins lytse altyd griene beamkes dy't op de takken fan beammen groeie. De takjes fan dizze plant fertakje har elk jier mei in gaffeltsje. Dus elk foarjier komme der op it ein fan it takje wer twa nije takjes en oan 't ein fan dy nije takjes komme twa leareftige, griene blêdsjes. De mispels bloeie al foardat de blêden oan de beammen komme. De blomkes binne lyts en giel-grien fan kleur.
De wyn, de bijen en miggen soargje foar it bestowen fan de blomkes. Let yn 'e hjerst binne de fruchten oan de mistel te sjen. Dat binne moaie wite baltsjes, se besteane út tige slymeftich, kleverich fruchtfleis mei dêr yn in hurd siedsje.
De fûgels, foaral klysters, meie dy fruchtsjes graach. De siedsjes komme wer út it fûgellichem wei en kinne dan as se op in takke delkomme wer foar in nije mistel soargje. Ek faget de fûgel syn snaffel wol ris ôf oan in takje; sa kin der ek in siedsje op in goed plakje telâne komme.