De noch keale beamen.
As de blêden fan 'e beamen ôf binne sitte de knoppen der al wer oan. Bij elke knoop fan in takje kin men ien of twa knoppen fine.
Elke beam hat syn eigen foarm en kleur knoppen. Se kinne lyts, grut, rûn, puntich, swart, brún, kleverich en neam mar op wêze.
Litte we mar ris in pear wat better besjen. Earst mar in pear wêr 't 2 knoppen by in knoop sitte.
bjirk (berk)
Knoppen lyts en aairûn, de kleur is grienbrún of readbrún en se binne faak wat kleverig.
iperenbeam (iep)
De knoppen binne lyts, faak in bytsje puntich. De kleur is donkerbrún en se binne in bytsje dûnzich.